De rôf fan de Fryske mummy

€ 6,00
  • EAN: 9789460381720
  • Categorie:
Omschrijving

"Twa tellen letter siet ik ferstoppe achter de houten planken fan 'e preekstoel. De trep fan 'e mummykelder kreake. Mefrou Griis rûn nei boppen. Hie se my heard? Har hakken tikken fierder op 'e stiennen fan 'e tsjerkeflier. Elk momint ferwachte ik dat har gesicht mei dy gemiene laits ferskine soe." De tolvejierrige Anna mei net mei har âlden mei nei Singapore. No moat se op fakânsje mei har freeslike tante Keet. En dan ek nochris nei de lytste camping fan Fryslân. Gelokkich moetet se Wietze. Hy nimt har mei nei de mysterieuze tsjerke yn it doarpke Wiuwert. In tsjerke mei in grut geheim. Want minsken dy't dêr begroeven wurde, feroarje yn mummys! Mar as se in besite oan de tsjerke bringe, sjocht Anna in frou wat fertochts dwaan. Wol sy ien fan de mummys rôvje om achter it geheim te kommen? Of slacht Anna's fantasy op 'e rin? Foar't se it yn de gaten hat, komt Anna yn in spannend aventoer telâne en is se miskien wol de iennige dy't de mummy rêde kin. De rôf fan de Fryske mummy is basearre op it echte geheim fan de mummys fan Wiuwert. In mystearje dat al hûnderten jierren lang noch troch gjinien oplost wurde koe.

Luisterrijk.nl
€ 6,00

Gerelateerde producten

Het verhaal van Ásta

€ 7,49
Stavanger, Noorwegen. Sigvaldi ligt op de stoep: hij is van een ladder gevallen. Net als de wolken verglijden, veranderen zijn herinneringen voortdure...

Oud papier

€ 12,99
Het kinderloze huwelijk van Raymond en Rachel sleept al jaren aan. Wanneer op een nacht een rouwbrief in de bus valt, begint hun wereld langzaam maar...

Kort en klein

€ 4,95
Sam is razend op haar vreemdgaande ex. Om al haar woede er eens goed uit te rammen, neemt haar beste vriendin haar als verrassing mee naar een sloopha...

Bloedbaden en terreur

€ 4,99
"De hemel is blauw en de lucht fris als twee vliegtuigen zich kort na elkaar in de Twin Towers van het World Trade Center in New York boren. Terwijl m...