It is foar de hearen

€ 6,00
  • EAN: 9789460380983
  • Categorie:
Omschrijving

Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea!
Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte.

'Harm, wolsto de mannen har beurs ôfnimme?'
Harm rint nei de keaplju ta en stekt de hân út. Ien fan de mannen sjocht Harm skerp oan.
'Wachtsje ris, bisto net dy feint yn dy herberge fan Boalsert? Wis, do bist it. Dat mist my net. Wat foar gemien spultsje spilesto, maat?'
Lilk pakt er Harm yn syn wammes. 'Do smoarge ferrieder, do...'
'Loslitte!' De stim fan Tsjerk Walta bolderet troch de seal. 'De sinten en fluch in bytsje.'
Stadich helje de mannen de beurs ûnder de jas wei. Wegerje hat gjin sin, mar it is dúdlik dat se it mei grutte tsjinsin dogge. De beide mannen sjogge ferachtlik nei Harm, wylst er de beurzen oankriget. Harm leget it jild mei in reade holle op de tafel. It wurd ferrieder sangeret him troch de holle. Hy is in ferrieder. In ferrieder?

Inhoud
1. Ynlieding
2. In berntsje mei twa hollen
3. In heksehan
4. Gjin tiid om in krus te slaan
5. De kop fan de romp
6. In goede reis nei hus
7. Yn it latyn
8. Skytmerakels
9. In fyftjinstiens muorre
10. Stoke dy oven
11. Sa machtich as de miggen
12. Feinten fan de hear
13. Ast de pomp melkst komt der ek wat ut
14. Oer myn lyk
15. Wer ien minder
16. De seine meinimme
17. Sile blinder
18. Wylde meunsters op de muorren
19. Folslein rjochtop
20. It is foar de hearen
21. Wat betsjut dat wurd

Luisterrijk.nl
€ 6,00

Gerelateerde producten

Molenwiek

€ 12,99
In 'Molenwiek', het vierde deel van de Liefdesstreken-serie van Karin de Graaff, keert Lauren terug naar de polders in Noord-Holland. Haar vader kan v...

J. Kessels: The Novel

€ 16,99
J. Kessels: the novel is het krankzinnige verslag van een ongewenste reis van de schrijver P.F. Thomése met zijn beste vriend (en favoriete personage)...

Weerzien in het midden van de aarde

€ 16,99
Israël 2014, nabij Tel Aviv. De naamloze Gevangene Z wordt al jarenlang in de gaten gehouden door drie camera's (vier zou overkill zijn) en één bewake...

De Kapucijner Crypte

€ 14,99
De Kapucijner Crypte is de laatste roman die Joseph Roth voor zijn dood publiceerde en kan gelezen worden als een vervolg op Radetzkymars. In de gelij...