Wurk

€ 9,00
  • EAN: 9789460381355
  • Categorie:
Omschrijving

Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan n dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy't tsjin de sechstich rint. Hieltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen.
Fertsjinje docht hy dêr net folle mei, mar hy wit al de oandacht fan in ynfloedrike galeryhâlder te lûken. Hat hy, sa't er sels mient, yn de keunst syn bestimming fûn?

'Sytse Cavalier, bist dus noch ûnder de libbenen,' konstatearret Sjoerd dy't lyk foar him oer stiet en him skerp opnimt. Sytse? De man neamt him Sytse? Sytse Cavalier? De namme dy't him út syn koartsdream bybleaun wie... Jasper wurdt kjel. Inkeld Marianne hie derfan witten... Hie it dan gjin dream west?

Luisterrijk.nl
€ 9,00

Gerelateerde producten

Heisa in Venetië

€ 12,95
Co-pilote Rozemarijn, journaliste Lianne en kunsthistorica Iris zijn alledrie op weg naar Venetië en zonder voorbedachte rade kruisen hun levens elkaa...

New York, New York

€ 6,99
Deel 3 van De Bucketlistblunders Saars bucketlistplan werpt eindelijk zijn vruchten af. Ze kan haar geluk niet op als Laurens haar meevraagt een week...

Trammelant op het platteland

€ 4,95
Stadsmeisje Odette besluit eindelijk haar jeugddroom te laten uitkomen: ze koopt een boerderijtje op het platteland. Hoewel ze verwacht daar in haar e...

Lucy's liefste wens

€ 6,99
Voor Lucy komt het aanbod om in een ziekenhuis in Rome te werken als geroepen. Met als extra bonus de aandacht die ze krijgt van haar nieuwe collega,...