Yn it djippe suden fan Kanada set in fûgeltsje útein mei de oerstek nei Europa. Tagelyk wurdt by in wenningstichting yn it noarden fan Nederlân in brief opsteld. Balansearjend op it snijflak fan lân en see leit Einum, in buertskip yn in lânskip fan boulannen mei op de achtergrûn in him yn rap tempo útwreidzjend havengebiet. Yn achttjin miniatueren wurdt in skets jûn fan de ynwenners: in keunstner dy't besiket de skimering tusken skaad en ljocht fêst te lizzen, in demintearjende frou, in famke dat de leafde ûntdekt, in boer dy't siket om in masteresse, in twilling dy't in troch it smookferbod troffen kafeetsje nij libben besiket yn te blazen.
Geandewei floeie al dy libbens yn elkoar oer en dan ynienen is dêr dy brief. En ferskynt in fûgeltsje oan 'e loft...
 Inhoud
 De tocht
 Elsa Wientjes
 Roan Hoogstraten
 Casper Bosch
 De tocht
 Thomas Vermeer
 Alie Bijker
 Agnetha Kooiker
 De tocht
 Gustaaf Lienward
 Gré Schievink
 Klaas Kooiker
 De tocht
 Gesusters Pasveer
 Berdi Nagtegaal
 Lidy Winkelman
 De tocht
 Jente Hoogstraten
 Wil Kooiker
 Rindert Walburg
 De tocht
 Marja Verweij
 Jop Hoogstraten
 Jan Bijker
                                     
                                 | 
                                
                                    Luisterrijk.nl | 
                                
                                                                            € 10,00 |