It piipjen fan de proai

€ 10,00
  • EAN: 9789460380570
  • Categorie:
Omschrijving

Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal.

(...) En doe ynienen, ynspekteur, krigen jo in gouden idee! Ûnsichtbere spoaren? Spoaren dy't der wol leine, mar der net wiene foar de bewensters? Mar hoefolle moaier soe it wol net wêze as dy spoaren der wol wiene! As de bewenster op in stuit wat ûntduts dat ûnbegryplik wie, wat subtyls, mar frjemd, in slipke bygelyks, ien lyts slipke, dat ynienen op ûnferklearbere wize weirekke wie en ferfongen troch in oarenien. En dêrmei ynspekteur, komme wy by it tredde bedriuw. Mar dit rêde wy yn trije bedriuwen net op, hear. Ik bin bang dat dit in klassike trageedzje wurdt... (Út De Lycklamatapes)

Fan de flaptekst fan it boek:

"(...) Frou Melchert wie noch mar krekt widdo of op de radio waard har man silger suver alle dagen tasongen: Willem, word wá-akker, Willem! Willem, word wá-akker, Willem!"

Patat mei mayonêze en in bearelul, dat is it keninginnemiel fan de widdo Melchert - Van Beyma thoe Kingma alias Bontsje fan Swarte Willem. De earste bút yn har jacht nei it gelok. Mar dêr bliuwt it net by. Bontsje wol de spoeken fan it ferline begrave en oan har takomst bouwe, net langer proai wêze mar jager. Dêrmei stiet sy model foar de personaazjes dêr't it yn dizze ferhalen om draait: proai of jager en soms allebeide.

"(...) it is de efterfolger dy't him stjoere lit troch dejingen dy't er folget, it wurd seit it al, hy folget en sy kieze it paad. De jager dûnset nei it piipjen fan syn proai en net oarsom."

Ynhâld
De dreamefanger
De Lycklematapes
Winterliet
Tafeltje dekje
De bline en de lamme
Us heit en ik
It geheim fan kapitein Haddock
Grutte Geale
Isabel Winter
It tredde ferhaal

Luisterrijk.nl
€ 10,00

Gerelateerde producten

Het verhaal van Ásta

€ 7,49
Stavanger, Noorwegen. Sigvaldi ligt op de stoep: hij is van een ladder gevallen. Net als de wolken verglijden, veranderen zijn herinneringen voortdure...

Oud papier

€ 12,99
Het kinderloze huwelijk van Raymond en Rachel sleept al jaren aan. Wanneer op een nacht een rouwbrief in de bus valt, begint hun wereld langzaam maar...

Kort en klein

€ 4,95
Sam is razend op haar vreemdgaande ex. Om al haar woede er eens goed uit te rammen, neemt haar beste vriendin haar als verrassing mee naar een sloopha...

Bloedbaden en terreur

€ 4,99
"De hemel is blauw en de lucht fris als twee vliegtuigen zich kort na elkaar in de Twin Towers van het World Trade Center in New York boren. Terwijl m...